Stimmetellers Smellingerlân

16 jan 2010 - 13:58

Mear as 100 ynwenners fan de gemeente Smellingerlân wolle op 3 maart stimmen telle by de ferkiezings. En dat binne folle mear as de gemeente ferwachte hie en nedich hat. Tongersdei pleatste de gemeente in oprop op de webside en yn de krante om 15 stimmetellers te finen. Binnen in dei melden har mear as 100 minsken oan.

It is de twadde kear dat Smellingerlân stimmetellers siket, ferline jier by de Europeeske Ferkiezings die de gemeente ek al in oprop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)