Hajé Flyers ferlieze wer

De Hajé Flyers binne ôfsakke nei it fyfde plak
De iishockeyers fan de Hajé Flyers sitte wat yn de nederklits. Freedtejûn waard foar de tredde kear op rige ferlern. Yn Tilburg wiene de Trappers mei 4-1 te sterk. De earste perioade waard al mei 2-0 ferlern. Dy klap kamen de Flyers net mear oerhinne. De twadde perioade einige noch wol yn 1-1, mar de lêste perioade gie mei 1-0 nei de Tilburgers.
Troch dit ferlies sakje de Flyers no nei it fiifde plak op de ranglist.