Akkoart mooglik oer kanaal

Der is al hiel wat praten oer it kanaal
Der is in akkoart mooglik oer de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. Dat sizze kommissaris fan de Keninginne Jorritsma en de boargemasters Middel en Ravestein fan Smellingerlân en Opsterlân.
De weriepening kostet 16 miljoen euro, mar dat jild is noch is der noch net. De bestjoerders fan de trije oerheden ha no in kompromis fûn. De provinsje draacht noch 2,8 miljoen by en de gemeente Smellingerlân njoggen ton.