Topdrokte by autowaskstrjitten

16 jan 2010 - 12:51

It teiwaar soarget foar topdrokte by de autowaskstrjitten. Elk wol it sâlt fan de auto spiele en dat soarget foar lange rigen auto's. De lak, it keunststof en ek de rubberen ûnderdielen fan de auto's kinne min oer al dat sâlt.

In soad minsken jouwe gehoar oan de oprop fan brânzje-organisaasje BOVAG dy't dizze wike advisearre om de auto's sa gau mooglik sâltfrij te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)