Frjentsjerter swier mishannele

16 jan 2010 - 12:42

In 40-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is freedtejûn swier mishannele troch twa stedsgenoaten. It slachtoffer waard foar syn wente oan It Ankerplak slein mei nei alle gedachten in knuppel en rekke dêrby ferwûne oan de holle.

Hy is earst oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert, mar letter op de jûn nei it UMCG yn Grins. Op oanwizing fan tsjûgen koenen de fertochten oanholden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)