Twa grutte alkoholkontrôles

16 jan 2010 - 12:38

De plysje yn Fryslân hat yn de nacht fan freeed op sneon twa grutte alkoholkontrôles holden. Yn de buert fan Harns en Frjentsjer waarden in lytse 600 automobilisten kontrolearre en yn Ljouwert sa'n 450.

Yn totaal krigen 20 minsken in prosesferbaal en in rydferbod. Yn fjouwer gefallen waard it rydbewiis yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)