Kim Stolker yn heale finale

Kim Stolker is troch nei de heale finale fan Popstars
Sjongeres Kim Stolker fan De Gordyk sit yn de heale finale fan it programma Popstars fan SBS6. Freedtejûn krige se fan de sjuery twa achten en in sân foar har optreden. Se song it ferske 'It's just a flirt' fan Miss Montreal.
Der binne fan de tûzenen dielnimmers dy't audysje dien ha no noch 6 kandidaten oer. Kommende freed is de heale finale. Der bliuwe dan 4 kandidaten oer foar de finale dy't op 29 jannewaris holden wurdt.