Tocht Hylpen giet troch

Grutte drokte by de ynskriuwing
De toertocht yn Hylpen giet hjoed gewoan troch. It teiwaar makke it fan 'e moarn wol twiveleftich at de tocht wol troch gean koe. Mar de organisaasje lit witte dat it iis noch goed is.
De tocht waard al twa kear earder útsteld. Op de Iselmar is flak lâns de kust in parkoers fan sawat 10 kilometer útsetten. Der is wol in maksimum steld fan 2000 dielnimmers en der is yn Hylpen mar plak foar 1000 auto's.