Väyrynen net fit foar PSV
SC Hearrenfean kin sneontejûn yn de bekerwedstryd tsjin PSV net beskikke oer Mika Väyrynen. De Finske ynternasjonal herstelt noch fan de gryp en kin net spylje. Syn ferfanger is Michal Svec.
Linksbûten Assaidi is noch in fraachteken. Hy wrakselt mei in blessuere oan de bilspier. As hy net spylje kin stiet Tarik Elyounoussi yn de basis.