Drok op lêste dei yninting

Der binne freed in lytse 600 prikken útdield op de lêste dei fan de yninting tsjin de Meksikaanske gryp. By de offisjele twadde priksesje wie it opkomstpersintaazje leech fanwege it winterwaar. Sa'n 6000 minsken hiene noch gjin twadde faksinaasje helle.
Omdat de Meksikaanske gryp alwer flink op syn retoer is, is de GGD tefreden mei de opkomst fan freed. Neffens de organisaasje is de twadde yninting wol belangryk, omdat der noch in twadde golf komme kin.