Brân yn stâl Easterwâlde

15 jan 2010 - 11:18

Der hat freedtemoarn koart brân west yn in stâl oan de Buddinga yn Easterwâlde. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak tsjin healwei alven. Yn earste ynstânsje waarden meardere korpsen oproppen, mar omdat de brân al gau wer út wie waarden de measten wer weromstjoerd.

It korps fan Haulerwyk hat noch in kontrôle dien. By de brân is nimmen ferwûne rekke. Oft der ek skea is is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)