Toertocht oer de Iselmar

De iis-Iselmar, hjir by de Ofslútdyk
De Iisclub fan Hylpen organisearret sneon in toertocht oer de Iselmar. De organisaasje hat tastimming krigen fan de Iiswege-sintrale. Der is in rûntsje fan 10 kilometer útsetten en neffens de iisclub is de kwaliteit fan it iis oer it generaal goed.
De ôfstannen dy't riden wurde kinne binne 10, 20 of 30 kilometer. De ynskriuwing is tusken healwei tsienen en healwei twaen.