Kadootsje foar skoallen Snits

It Geeuwakwadukt yn Snits
Alle skoallen yn Snits krije fan de gemeente in boekje oer de archeology fan de gemeente. It boekje is makke nei oanlieding fan de iepening fan it Geeuw-akwadukt. Oan de hân fan fiif foarbylden wurdt de skiednis fan Snits fan de middenstientiid oant de Midsieuwen ferteld.
It boekje is in ûnderdiel fan in lespakket, dat kommend skoaljier yn gebrûk naam wurdt. It boekje hat de titel "Sneek onder je voeten".