"Boustop kostet Friezen jild"

In boustop kostet ús jild
As de bou fan de ôffaloven by Harns bot fertraging oprint troch de ferneatiging fan de miljeufergunning troch de Raad van State, dan rekket dat ús allegearre yn de beurs. Dat seit foarsitter Gerrit Krol fan de feriening fan Fryske Gemeenten.
As de ôffaloven yn bedriuw komt, kinne de tariven foar de ynwenners fan Fryslân omleech. Krol fynt it dus in goeie saak dat Omrin trochgean wol mei de bou, ek al easket de provinsje dat de bou stilset wurdt.