Omrin bout gewoan troch

De ôffaloven yn oanbou
Offalferwurker Omrin giet gewoan troch mei de bou fan de reststoffe-enerzjy-sintrale by Harns. De provinsje wol dat Omrin dêr foarearst mei ophâldt, omdat de Raad van State woansdei de miljeu-fergunning foar de ôffaloven ferneatige hat.
Omrin tinkt dat der op koarte termyn in nije fergunning komme kin dy't oan alle regels foldocht. It bedriuw stapt nei de rjochter stappe as de bou wol ferplichte stillein wurde sil.