Ferieningsgebou foar Eastrum

14 jan 2010 - 09:50

Eastrum krijt nei acht jier praten nei alle gedachten noch dit jier in eigen ferieningsgebou. De riedskommisje fan de gemeente Dongeradiel is posityf oer de plannen.

It gebou komt by de iisbaan. Dat gebiet foel yn eardere plannen ôf, omdat it archeologysk fan belang is. Twa jier lyn waard der in jagerskamp út de stientiid ûntdutsen. Yn it nije plan komt it ferieningsgebou op in krekt wat oare lokaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)