Qbuzz set bussen op ierdgas

13 jan 2010 - 22:58

Busferfierder Qbuzz lit sân ierdgasbussen yn Fryslân ride. Fryslân is hjirmei de tredde provinsje dy't gebrûk makket fan dizze bussen. It beslút fan Qbuzz makket ûnderdiel út fan de ôfspraak dy't de provinsje en de ferfierder makke hawwe. Ierdgas is better foar it miljeu, mar de bussen kinne mar de helte fan it oantal kilometers ride op in tank, yn fergelyk mei gewoane bussen.

De nije bussen wurde ynset yn Súdeast Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)