Brieven oer evakuaasje

Bewenners fan 46 wenten yn Marsum, Ingelum, Bitgum en Bitgummôle krigen woansdei in brief wêryn stiet dat se takom wike tongersdei harren hûs útmoatte. Dan wurde trije bommen út de Twadde Wrâldoarloch dy't op de fleanbasis lizze troch de EOD demonteard.
Ut foarsoarch moatte de wenten yn in straal fan 1500 meter om de lokaasje fan de bommen hinne ûntromme wurde. De minsken moatte fan moarns oant middeis harren wente út. Fee kin op stâl bliuwe.