'Opstartproblemen' yn nije NHL

Goed oardel wike nei de ferhuzing hat de NHL yn Ljouwert noch altyd te krijen mei opstartproblemen yn it nije gebou oan de Rengersleane. Sa binne der noch altyd kompjûters dy't net opstarte wolle en paskes om mei te beteljen dy't net wurkje.
Ek binne der te min prullebakken en hingje der gjin prikbuorden. Dochs is de NHL net ûntefreden. Neffens in wurdfierder fan de hegeskoalle giet it allegearre om lytse probleemkes dy't meikoarten oplost wurde sille.