FNP wol debat oer ôffaloven

De FNP wol in nij polityk debat oer de ôffalferbaarningsoven (foto: André Minkema)
De Frysk Nasjonale Partij FNP is tige wiis mei it beslút fan 'e Rie fan Steat om de miljeufergunning fan 'e ôffalferbaarningsoven yn Harns te ferneatigjen. De FNP wol no deputearre Adema ter ferantwurding roppe yn in ynterpellaasjedebat.
Adema is der troch ferskate partijen op wiisd dat de miljeufergunning net oan alle easken foldie, mar woe dêr neffens de FNP net nei harkje. De FNP fynt dat de provinsje it 'sitte litten hat' op it mêd fan de sûnensrisiko's.