6 ton provinsje foar soarch

13 jan 2010 - 11:11

De provinsje stelt goed 600.000 euro beschikber foar 19 soarchprojekten. It measte jild is der foar in projekt yn de Snitser achterstânswyk Noarderhoek, der is 110.000 euro foar beskikber.

Op de Harkema krijt Talant 20.000 euro foar saneamde twaspanhuzen. Dêr komme hûshâldings mei in ferstanlik handikapte âlder neist in oare hûshâlding te wenjen, dy't begelieding en stipe jout by it grutbringen fan bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)