Drafbaan Wolvegea net fallyt

13 jan 2010 - 10:17

De drafbaan Wolvegea is noch net fallyt. De rjochter hat it fersyk ta fallisemint oanhâlden omdat hy noch net genoch ynformaasje hat. As de rjochter it fallisemint útsprekt, is de ein fan de draverijen yn Wolvegea tichtby. Kommende tiisdei docht de rjochter útspraak. De eigner fan de grûn en de gebouwen fan de drafbaan is al earder fallyt ferklearre. De drafbaan wurdt dêrom ferkocht.

Sa lang't dy ferkeap noch net rûn wie, wiene der noch koersen op de drafbaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)