Mear wurk foar gemeenten

De provinsje kin wol taken ôfstjitte oan gemeentes, fine de Fryske gemeentes
In soad taken dy't no noch troch de provinsje útfierd wurde, moatte yn de takomst troch de Fryske gemeenten oppakt wurde. Dat wie tiisdei de slotsom fan in ekstra gearkomste fan de Feriening fan Fryske gemeenten.
No't de provinsje fan 2011 ôf minder jild fan it Ryk krijt, moat der jierliks mooglik 25 oan't 30 miljoen euro besunige wurde. Dêrom wol de provinsje taken ôfstjitte. Jeugdsoarch is ien fan de taken dy't gemeenten oernimme kinne soe fan de provinsje.