Melkfee-kafee drok besocht

12 jan 2010 - 23:57

De earste byienkomst fan it projekt 'Foarút Buorkje' yn Burgum is tiisdeitejûn troch sa'n 90 melkfeehâlders besocht. Doel fan it projekt is om boeren op saneamde Melkfee-kafee byienkomsten meielkoar yn kontakt te bringen en te praten oer duorsem buorkjen. Boeren dy't mei dit tema al ûnderfining hawwe fertelle en ynspirearje oaren.

Foarút Buorkjen is in inisjatyf fan LTO, Wageningen UR en de Melkfeeakademy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)