Gemeente wol ASR hâlde

12 jan 2010 - 18:13

Wymbritseradiel besjocht hoe't de polityk yn Den Haach ynskeakele wurde kin om it kantoar fan ASR Verzekeringen yn Wâldsein iepen te hâlden. De direksje fan it bedriuw wol it kantoar op 1 jannewaris 2012 slute en de 150 arbeidsplakken oerbringe nei Utrecht. Wymbritseradiel is dêr poer op tsjin.

Neffens Wymbritseradiel stiet it beslút heaks op it belied fan de ryksoerheid om ek yn de regio arbeidsplakken te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)