Fragen oer sâlt oan minister

12 jan 2010 - 17:19

De Twadde Keamerfraksje fan Grien Links hat minister Van der Hoeven fan Ekonomyske saken om útlis frege oer de ekstra sâltwinning. Ofrûne moandei is Frisia begûn mei it winnen fan dat sâlt.

De partij is benammen benijd nei de ôfwaging dy't de minister makke hat tusken ekonomyske belangen op de koarte termyn, en it sakjen fan de grûn op de lange termyn. Ek is der frege oft de minister ree is om jild apart te lizzen foar in skeafergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)