Haglund tekenet kontrakt

De Sweed Philip Haglund hat tiisdei by Sportklup Hearrenfean in kontrakt tekene foar 4,5 jier. De 22-jierrige Sweed omskriuwt it sels as in hiele grutte stap yn syn karriêre. Tiisdeitemoarn is Haglund medysk keurd.
Fan syn fyfde ôf spile hy nammentlik yn Stockholm by deselde ploech. Boppedat wie de nijste oanwinst fan Hearrenfean net fulltime dwaande mei fuotbal, mar studearre er ek noch.