Snieskea oan km-pealtsjes

De snie soarget foar skea oan ferkearsbuorden. Benammen de kilometerpealtsjes oan de kant fan de dyk moatte deroan leauwe. De snie wurdt fan de dyk nei de kant taskood, troch it gewicht bûge de pealtsjes om. Rykswettersteat wachtet de winter ôf foardat se de boel werstelle. Utsein as it giet om gefaarlike situaasjes.
De skea oan de diken falt neffens Rykswettersteat wol ta. Utsein op de A32 by It Hearrenfean en de A7 by Wytmarsum.