Boete foar kempingeigner

12 jan 2010 - 14:36

Eigner Gerrit Jan Moes fan kemping De Kooi op Skylge hat in rjochtsaak tsjin it ministearje fan VWS ferlern. Moes krige neffens him ûnterjochte in boete fan 900 euro foar de ferkeap fan drank oan in minderjierrige. Op it terras fan de kemping kocht in jonge fan 16 jier bier foar syn freon fan 15.

Meiwurkers fan de Voedsel en Warenautoriteit seagen dat en joegen de kempingeigner in boete. De teloarstelde Moes tekenet gjin beswier oan tsjin de útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)