Winaam seit gearwurking op

12 jan 2010 - 14:03

Doarpsbelang Winaam hat fuortdalik de gearwurking oan it gebietsprojekt foar NW-Fryslân opsein. Dat is besletten fanwege it beslút fan minister Maria van der Hoeven om Frisia 100.000 ton sâlt winne te litten. Dat sâlt wurdt diels út de grûn ûnder Winaam helle.

Neffens doarpsbelang is it projekt krekt bedoeld om de skealike gefolgen fan de sâltwinning te kompensearjen. Troch de ekstra winning is it draachflak foar it projekt neffens it doarp fierder oantaast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)