Oplichter yn heger berop

De Drachtster dy't minsken oplichte hat foar in bedrach fan mei-inoar ien miljoen euro giet yn heger berop. Hy is feroardiele ta fjouwer jier sel. De straf foel sels heger út as de trije jier dy't it iepenbier ministearje doe easke.
De man hat ferskate minsken hûnderttûzenen euro's ôftroggele mei falske ferhalen. Hy sei dat er it jild ynvestearje soe yn Bulgarije, mar foar it grutste part hat er dat yn it kasino fergokt.