Stadion wurdt sniefrij makke

12 jan 2010 - 13:38

SC Hearrenfean set alles op alles om de útstelde bekerwedstriid tsjin PSV dit wykein dochs spylje te litten. Dy wedstriid stie pland foar 23 desimber, mar gie net troch omdat der in dik pak snie op it dak fan de tribune lei. De KNVB wie benaud dat it publyk dêrtroch yn gefaar kaam en fersette de wedstriid.

No leit der noch altyd snie, mar net sa slim as yn desimber. In ploech fan 20 man sil woandei en tongersdei de snie fan de tribunes helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)