Frachtweinen troch Ljouwert
De kommende moannen ride der ekstra frachtweinen troch it sintrum fan Ljouwert foar de bouwurksumheden oan it winkelsintrum Saailân. Der meie deis maksimaal fjouwer frachtweinen ekstra ride.
Om foar te kommen dat der gefaarlike situaasjes ûntstean, sille meiwurkers de frachtweinen begeliede. De ekstra frachtweinen ride oant en mei 1 maaie.