Feesten A'karspelen letter

De feesten dy't troch de wike yn Achtkarspelen hâlden wurde, hoege net jûns om alve oere ôfrûn te wêzen. Krekt as op freed en sneon jildt in eintiid fan healwei twaen nachts, sa hat it kolleezje fan b. en w. besletten.
Yn earste ynstânsje woe it kolleezje de eveneminten troch de wike om alve oere ôfrinne litte, mar de gemeenteried wie it der net mei iens. Achtkarspelen wol deselde regels as yn Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel.