Plysje warskôget foar man

De plysje yn Snits warskôget foar in man dy't by de doarren delgiet mei in pinapparaat. De man seit dat er fan in stroombedriuw is, of fan de thússoarch. Mei sa'n ferhaal besiket er dan de bankgegevens los te krijen en dan wol er dat de minsken har bankpas troch syn apparaat helje.
Foar safier bekend hat noch net ien dat ien, mar de plysje fertrout de saak net. Der hawwe meardere meldingen oer west.