Min jier foar Fryske hoareka

De lúksere restaurants moasten in soad ynleverje
De hoareka yn Fryslân hat oer it algemien in min jier draaid. Der sit wol bot ferskil tusken de ferskillende soarten hoareka. Lanlik hat de hoareka yn 2009 ien miljard euro minder omset draaid. Yn Fryslân gong it foaral in stik minder yn de lúksere restaurants trochdat dêr folle mindere sakelju ieten.
De lytse kafees hiene it dreech; benammen as gefolch fan it smookferbod. Troch de goede simmer waard der lykwols wol mear snackt.