Spits: gjin gutte problemen

11 jan 2010 - 16:14

It ferkear kaam moandeitemoarn nei in wykein fol snie wer op gong. Yn 'e spits wiene der gjin grutte problemen. De measte diken binne sniefrij en goed te beriden. Rykswettersteat warskôge noch wol foar iisplakken op de dyk. De opferzen snie kin soargje foar gefaarlike slippartijen. Foaral yn it noardeasten fan de provinsje.

De farske snie fan dit wykein soarget ek foar in soad winterwille. Sa hat Steatsboskbehear mei trekkers rûtes útset om te langlaufen

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)