Langlaufe yn Súdeasthoeke

Yn de Súdeasthoeke fan Fryslân kin langlaufd wurde. Steatsboskbehear is op 't stuit dwaande om paden geskikt te meitsjen foar de wintersport. Der binne rûtes yn Oranjewâld, op de Duerswouderheide, yn 'e Alde Bosk by Wynjewâld en yn 'e Blauwe Bosk by Haulerwyk.
Trekkers drukke de snie plat sadat it goed begeanber is foar de langlaufers. Mar ek kuierders kinne mei stevige skuon oan de rûtes rinne.