Westra nije PC-foarsitter

Johannes Westra (64) fan Bitgum wurdt mei yngong fan 1 maart de nije foarsitter fan 'e PC. Westra folget Minne Dijkstra op dy't fanwege in ôfnimmende sûnens it foarsitterskip opjaan moat. Westra wurdt de kommende twa moanne ynwurke troch Minne Dijkstra. Yn dy tiid hat it PC-bestjoer seis leden. Westra keatste sels op it heechste nivo en wûn ek twa kear de PC. Boppedat wie er tsien jier lang foarsitter fan 'e KNKB.