Drokte by earste help

11 jan 2010 - 11:42

Pasjinten op 'e earste help yn 'e Fryske sikehuzen moatte rekken hâlde mei langere wachttiden. Troch de glêdens komme der hûnderten ekstra pasjinten mei stikkene bonken en kniezings. In grut tal fan harren is útglieden en fallen.

By de earste help wurde röntgenfoto's makke en dêrnei de breuken set. Dat kostet in soad tiid. It Medysk Sintrum Ljouwert hat it ôfrûne wykein al hast tritich ekstra pasjinten behannele mei stikkene bonken en kniezings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)