Auto oer de kop

11 jan 2010 - 10:07

In 20-jierrige automobilist út Snits is sneintejûn by Twellingea mei de auto oer de kop slein. De man kaam troch de glêdens yn in slip en kaam op de kop yn de berm telâne.

De bestjoerder rekke ferwûne oan 'e holle. Hy is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)