Warskôging foar glêdens

11 jan 2010 - 06:25

De trochgeande diken yn Fryslân binne moandeitemoarn goed te beriden. Wol warskôgje Rykswettersteat en provinsjale wettersteat foar glêdens troch restanten fan sniedunen. Dat is foaral it gefal op de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert, de N358 fan Holwert oer Mitselwier, Ie, Kollum en Bûtenpost nei Surhústerfean, de diken fan Holwert nei Dokkum en fan Drachten nei Wynjewâld. Provinsjale wettersteat is moandei noch dwaande de snieboel op te romjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)