Frisse dûk yn fiver Vossepark

In frisse dûk yn 'e Vosseparkwyk
Leden fan Duikteam Leeuwarden hawwe sneintemiddei fan 'e winterske omstannichheden gebrûk makke om ûnder it iis te dûken. De dûkers dienen dat yn de fiver fan it Vossepark yn Ljouwert. Mei in stik tou om de middel gienen in stik as fjouwer dûkers ûnder it iis.
Se dienen dat om ûnderfining op te dwaan, mar fansels ek foar de wille. De kjeld foel de dûkers ta, de wettertemperatuer wie neffens harren sa'n 4 graden boppe nul.