CDA B'him: jou de minsken sân

10 jan 2010 - 15:22

It CDA yn Boarnsterhim sil it kolleezje fan b. en w. freegje om de minsken sân te jaan om de stoepen yn de gemeente stroever te meitsjen. Benammen de âlderein hat dêr ferlet fan. No't der te min sâlt is moat de gemeente mar sân ynsette om te foarkommen dat op guon bûtendiken en fytspaden net mear struid wurdt.

It CDA wit dat sân ek neidielen hat, mar no't de need oan de man is, kinne de diken yn 'e doarpen better mei sân as net bestruid wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)