Auto yn sleat by Bartlehiem

10 jan 2010 - 08:03

By Bartlehiem oan de kant fan Wyns is sneontenacht in auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. It ûngelok barde sneontenacht om tweintich oer tolven. De auto wie nei alle gedachten troch de glêdens yn in flauwe bocht fan 'e dyk rekke.

De plysje wie der as earste. Dy makke it iis stikken mei in skeppe en smiet in tou mei in heak nei de bestjoerder. Dy koe oanslutend mei help fan 'e plysje út de auto klimme. De man is ûnderkuolle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)