Kafee De Prins moat jûns ticht

30 mrt 2012 - 15:24

Kafee de Prins H yn Ljouwert moat in moanne lang jûns om njoggen oere ticht. Dat hat de rjochter freed yn in koart pleit bepaald. Neffens de rjochter wie der yn de nacht fan sneon op snein sprake fan 'ernstig geweld', dat foar in part troch besikers fan kafee De Prins H feroarsake waard. Personiel fan de kroech soe te min dien hawwe om it geweld foar te kommen.

De gemeente Ljouwert stjoerde oan op folsleine sluting fan it kafee in moanne lang, mar dat gie de rjochter te fier. It kafee moat wurkje oan bettere feilichheidsmaatregels.

As it kafee oantoane kin dat der foldwaande feilichheidsmaatregels nommen binne, dan soe de gemeente de sluting weromdraaie moatte, sa sei de rjochter. De maatregels moatte de kommende wike wol nommen wurde. Boargemaster Crone kin goed libje mei de útspraak fan de rjochter. De boargemaster achtet de kâns dat Kafee Prins H. alles op koarte termyn goed foarinoar hawwe sil lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)