Sven Kramer op EK oan lieding

09 jan 2010 - 18:04

Sven Kramer hat nei de earste dei fan it EK yn Hamar de lieding yn hannen. Nei in fjirde plak op de 500 meter yn 36,60 wûn er de 5000 meter. De winnende tiid fan Kramer: 6.19,78.

De Italiaan Enrico Fabris is de grutste konkurrint fan de trijefâldich Europeesk kampioen. Fabris die oer de 500 meter fjouwerhûnderste langer en moast op de 5 km krap trije sekonden tajaan. De Noar Havard Bokko foel op de 500 meter en moast mei in blessuere opjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)