Nij wapen foar Froubuorren

09 jan 2010 - 14:58

Froubuorren hat in nij doarpswapen en in nije flagge. De doarpsbewenners stimden freed yn mei it ûntwerp dêrfoar. De gemeente It Bilt hie it doarp oanbean om in wapen op alle tagongsbuorden nei it doarp te setten.

Mar dan moat der wol in wapen wêze. Doarpsbelang rôp de help yn fan de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy brûkte in al langer bekende ôfbylding fan it wapen en makke in nij ûntwerp. It wapen is makke neffens in âld folksrymke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)