Plysje op syk nei fermiste man

Gerard Bootsma
De plysje ûndersiket de ferdwining fan de Gerard Bootsma (66) út Ljouwert. De man is freed om healwei ienen fuortrûn út in fersoargingstehûs oan de J.H. Knoopstrjitte. De man is demint en kin net goed kommunisearje. Op Burgernet hawwe al 1200 minsken nei him útsjoen, mar dat smyt noch neat op.
Wol is der freed in ûnbekende man sinjalearre by in wenboat oan it Smidspaad. Dat soe Bootsma wêze kinne, mar de man wie al fuort doe't de plysje kaam.