Gerritsen ien en Boer twa

09 jan 2010 - 14:11

Annette Gerritsen giet nei de earste dei fan it NK sprint yn Grins oan de lieding. Gerritsen wûn beide ôfstannen. De 500 meter wûn se yn 39,49, de 1000 meter yn 1.19,61.

Margot Boer waard twadde op de 500 meter yn 39,65 en tredde op de 1000 meter yn 1.20,58. Yn it klassemint stiet de ynwenster fan Grou op it twadde plak. Thijsje Oenema fan De Jouwer stiet op it fjirde plak, achter Laurine van Riessen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)